Liet oan ‘e Moanne

 

Moanne sa heech oan ‘e himel

Dyn ljocht skynt fier yn it rûn.

Frij as in fûgel sjochst de wrâld

Skôgest it minsklik wêzen.

Frij as in fûgel sjochst de wrâld

Skôgest it minsklik wêzen.

 

Oh moanne, wachtsje, harkje nei my

Sis my dochs wêr’t myn leafste is.

Moanne, wachtsje, harkje nei my

Sis my dochs wêr’t myn leafste is.

 

Siz him dochs, sulveren moanne

Ik slaan myn earms om him hinne.

Flústerje ‘m yn, lit him dreame

Myn leafde is jimmer noch by him.

Flústerje ‘m yn, lit him dreame

Myn leafde is jimmer noch by him.

 

Oh, jou him ljocht op syn paad, bring him werom

Lit him dochs witte, ik wachtsje op him.

Oh, jou him ljocht op syn paad, bring him werom

Lit him dochs witte, ik wachtsje op him.

 

As myn leaf oer my dreamt, lit dy dream syn siel dan reitsje.

O Moanne, dôf net út, dôf net út, O moanne dôf net út.

 

(oersetting H. Bies)

 

Widzesankje

 

It is jûn, it wurdt nacht, do hast wankjes as roazen.

Dyn eachjes falle ticht, popke leaf jou dy mar del.

Moarnier betiid, mei it ljocht fan God.

Moarnier betiid begjint in nije dei.

 

(oersetting H. Bies)

 

Requiem

 

Jou him ivich rêst o Hear.

Lit it ivich ljocht op him sjen.

De wierheid bliuwt yn ús foar altyd, foar altyd.

Hy sil net bang wêze foar in lilk Geroft

Jou him ivich rêst o Hear, ivich rêst.

 

(tekst Th. Zigterman)

Start typing and press Enter to search